‘Drage is net itselde as ferdrage.’ Ypie Bakker draacht foar as hellet se de wurden djip út in welle earne út de omkriten fan har siel. Stadich, mei geduld. Ik ha dit gedicht al in kear of wat foardragen heard en alle kearen wie ik der stil fan.
It is sneintemiddei en we sitte by Poëzie in de Bres. Al sûnt 2007 organisearret Melvin van Eldik middeis (en jûnen) foar dichters. Hjoed steane in njoggental dichters op it programma, fan lokale begjinners oant betûften fan fierrens. Bianca Boer komt hielendal út Rotterdam en docht bliken in kollega fan my te wêzen: sy jout ek les oan de Schrijversvakschool.… Lês fierder