Besprek aksjeboek ‘Wapper’

logo.ensafh

De wille fan it meitsjen fan dit aksjeboek spat der ôf. Wapper, it printeboek en aksjeboek foar bern 2016 fan yllustrator én skriuwster Yke Reeder lit sjen wat se allegear wol net kin. Wabe, Wiepie, Wobke en Wapper wurde yn in aaidoaske besoarge troch de earrebarre. Al gau moatte de pykjes it fleanen leare. Dat giet bêst, allinne Wapper bakt der neat fan: hy is te benaud om te fallen.

Lês fierder by Paul van Dijk op de side fan de Moanne… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Yngripe

logo.ensafh

Duvelske dilemma’s moat men net tefolle fan ha. Bestean der trouwens ek net-duvelske dilemma’s? Godlike dilemma’s, om it sa mar te sizzen? Hawar, no bin ik noch net iens út ein of ik dwaal al ôf.

Yn alle gefallen wie er ôfrûne wike wer in kear te hearren, de útdrukking ‘duvelsk dilemma’. Dat wie nei oanlieding fan de kwestje Ryptsjerk, of, yn breder ferbân, de Trynwâlden. Dêr wie nammentlik in 51-jierrige man dy’t famkes lestich foel troch it meitsjen fan seksuele gebearten en hannelingen. It leit yn ’e reden dat soks foar grutte ûnrêst soarge.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek ‘Reade triedleas’ fan Sigrid Kingma

logo.ensafh

De bondel Reade triedleas/Red wireless fan Sigrid Kingma leit al in pear wike op de boekeplanke ûnder ús foartafel. In besprek fan dy twatalige bondel skriuwe, dat wie krekt wat foar my, tocht ik. Want yn ’e hûs prate wy Ingelsk en Frysk, en sûnt koart set ik ek oer nei it Ingelsk. Mar it falt noch net ta. Net om’t der gjin moaie Fryske gedichten yn de bondel steane – krekt oarsom, der steane in pear knappe gedichten yn, mar om’t ik de mearwearde fan de Ingelske oersetting net sjoch. Reade triedleas wurket net yn it Ingelsk. Mar it duorre efkes foar’t ik begriep wêrom net.… Lês fierder