In folsleine biografy is samar net klear. Ik moat in útgongspunt ha en ek in sintrale fraach. De wichtichste fraach is foar mysels hoe’t it kin dat it Fryske wurk fenomenaal ûntfongen is wylst it Nederlânske wurk hast gjin omtinken krige, útsein fan Annie M.G. Schmidt sels. Ik tink dat it dermei te krijen hat dat Diet har wurk hiel bot like op dat fan Annie en dat der yn it kollektyf ûnthâld mar plak is foar ien grutte bernedichter yn deselde kategory. Dat fan Annie M.G. Schmidt wie der earst en wie dus orzjineel. Faaks wie it ek sa dat Diet har Fryske wurk better wie, mar der wie ek minder konkurrinsje.… Lês fierder