Wieringa: ‘Naar Abou Jahjah luisteren is alsof je spiritus hebt gedronken’

logo.ensafh

Voor de tweede maal dit jaar valt Tommy Wieringa in zijn onvolprezen column voor de regionale bladen en het Algemeen Dagblad Abou Jahjah aan, collegaschrijver bij De Bezige Bij (als Wieringa tenminste niet bij Hollands Diep blijft). Wieringa heeft namelijk naar Zomergasten gekeken en dat viel niet mee: ‘Naar Abou Jahjah luisteren is alsof je spiritus hebt gedronken; je gaat er scheel van zien, met een barstende koppijn toe.’

Lês fierder by TzumLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Leaver ideeën

logo.ensafh

De dagen dat je eins neat dogge binne de lestichste dagen om te skriuwen. Wa’t neat belibbet, rekket net ynspirearre. Dat ha ik yn it ekstreme meimakke doe’t ik yn myn leukemietiid foar de earste behanneling seis wiken lang op in ienpersoanskeamer lei. It foarnaamste útsicht wie in fytsestalling dêr’t de hiele dei wol beweging fan studinten is, mar neat echt foarfalt.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Daam de Vries: Tryst, tryst, djiptryst

logo.ensafh

Nederlân is yn djippe rou. Al dagen lang. Ik begriep earst net rjocht wêrom want ik folgje de aktualiteit net al te goed mar dochs kaam it tiisdeitemoarn ûnder de kofje al justjes foarby. Ik hie krekt ferteld oer in ploechje lju dat al in moai hoart op de súdpoal tahâldt en woansdei foar’t earst nei sa’n 70 dagen de sinne wer sjen soe. Se dogge dêr allerhanne ûndersykjes en ien ûnderdiel dêrfan is om te sjen oft minsken wol altyd sa geskikt binne om salang yn folsleine ôfsûndering te libjen. Soks mei it each op ekspedysjes nei Mars.

Lês fierder by DaamLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Skytpapier

logo.ensafh

Jo brûke it, ik brûk it, kening Willem, Obama, Poetin, Jan Smit brûkt it ek. Sa kin ik noch wol even trochgean. Eartiids waard de Hepkema of de Ljouwerter Krante yn streken knipt en oan in spiker pript. Dizze kollum giet oer ien fan de meast normale artikels dy’t binne, nammentlik it de rôle WC papier. Mar dan wol oer twa eksessen oangeande dit ienfâldige mar och sa nuttige gebrûksartikel, dat meastal in frijwat roemleas ein fynt. Fierder hoech ik dêr net op yn te gean, jo snappe my wol. Der binne ek altyd útsûnderingen, hjoed neam ik der twa.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Besprek Berber van der Geest ‘Mem, wat ite wy hjoed?’

logo.ensafh

Rolf hat honger. Hy trommelet op ’e tafel mei syn leppel en foarke. “Honger! Honger!” Mem giet gau mei it iten oan ’e gong. En dan wol Rolf witte: “Mem, wat ite wy hjoed?” Mar dat wol mem net samar fertelle. Kear op kear sjongt mem in rymke, mar lit it lêste wurd fuort. Watfoar bist soe se no wer bedoele?

Lês fierder by Tjitske van DijkLês fierder

Blog Martsje de Jong: ‘Nei hûs’!

logo.ensafh

‘Yuri van Gelder naar huis gestuurd’ Dat wie it earste dat ik fannemoarn seach op teletekst. De kiel siet my ticht, it pikefel op ‘e earms en in slach yn ‘e mage. ‘Wêrom no?’ It berjocht wie koart en helder: hy hie him nei syn kwalifikaasje foar de finale efkes gean litten bûten it Olympyske doarp. En drank hant. No wit ik net wat de regels binne, mar de Chef de Mission wie ûnferbidlik. Nei hûs. Eins koe ik wol janke. Want dit is ferskuorrend foar dy jonge.

Lês fierder by Martsje de JongLês fierder