Kollum Ferdinand de Jong: Pokémon

logo.ensafh

Je sjogge op ynternet de meast idioate filmkes. Wat minsken net oan domme dingen dogge en op film fêstlizze, de ein is der fan wei. Tsjinwurdich kinne jo, as gewoane Fries of ynwenner fan Fryslân, fergees dit soarte filmkes meitsje. Jo hoege der net fier foar te reizgjen, gean mar nei it doarpsplein en jou jo dêr del op in bankje. As it waar wat knap is, sille jo binnen in pear minuten bern en jongefolwoeksenen foarby kommen sjen dy’t yn trâns binne. Se sjogge jo net, mar binne folslein rjochte op harren mobile telefoan omdat se efter sabeare popkes oansitte.… Lês fierder