LONDON BRIDGE
1.
De dei leit mei in blau each yn de hoeke fan it park,
Wetter rint by de tûken del as snotte en swit.
By de rivier dy’t de stêd yn twaen dielt, docht
Hear Hugo B. syn rek en strek, heft by it nijs fan
De dea yn ’e biblioteek de hannen nei de himel,
Rûkt fan stjerren it bloed yn de stasjons en
Kafee’s fan Paris oant Aldgate East. In sleep
spoken sjit wolkjendewei wyld it wetter oer.
…
L6es fierder by Eeltsje Hettinga… Lês fierder