Dirk Jan Muntendam: Ferdronken skiednis: Rungholt (1)

logo.ensafh

Op souder fan myn pake silger fûn ik in âld, fergiele boekje. It wie in lesboek foar de Fryske legere skoallen út 1938. Op ien fan de lêste siden fine wy in oerset stikje oer de ein fan de rike Noardfryske hannelsstêd Rungholt. Nei’t yn 1344 de stêd syn frijheid ferlern hie, hie de skiednis noch mear freesliks yn petto.
Mei de grutte en alles ferneatigjende floed fan 1362 op de dei fan de hillige Sint Marcellus (15 op 16 jannewaris) is de stêd mei man en mûs en sân oare kerspels opslokt troch de Mare Frisicum, de tsjintwurdige Noardsee. De floed fan 1362 is de skiednis yngongen as de ‘grote mandrenke’, ek wol: de floed dy’t in soad minsken ferdronk.… Lês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Ferkiezing Dichter fan Fryslân wurdt taret

logo.ensafh

Understeande mail komt út in tige betroubere boarne, nammentlik fan Anne Feddema. Der binne noch trije oare dichters oanskreaun, ik neam se mar net. Feddema docht yn elts gefal net mei oan it petear.

Ik persoanlik fiel my net roppen om oan de ferkiezing mei te dwaan.

De Dichter fan Fryslân kriget €2500,00 jiers foar syn/har krewearjen.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Blog Eeltsje Hettinga: Yoeng Poe Tsjoeng – J. Slauerhoff – Sineeske gedichten

logo.ensafh

Yn de bondel Young Poe Tsoeng (1930) sette Slauerhoff fan ferskillende Sineeske dichters poëzy út it Frânsk, Dútsk en Ingelsk oer. Dêrnjonken brocht er by wize fan chinoisery in grut tal gedichten byinoar dy’t mei it Sineeske libben en lânskip fan dwaan hawwe. De wenstige sidene gewaden, glânzgjende moannen en bloeiende roazen, dêr’t it yn de Sineeske poëzy faak fan optilt, giet er lykwols út ’e wei. Yn de samling Young Poe Tsjoeng, in namme dy’t letterlik ‘fan gjin nut’ betsjut, jout Slauerhoff de foarkar oan de bitterens en mankelikens fan it bestean sels. It gedicht ‘Mijn zonen of rampspoed geeft recht op dronkenschap’ lit tinke oan Slauerhoff syn klassiker ‘De schalmei.’… Lês fierder