Blog Henk van der Veer: Bewogen laatste webredakteurdach en moai begin fan òktober

logo.ensafh

Ouskeid/Afscheid

‘k Heb er een bloedhekel aan: Afscheid nemen! Het staat lijnrecht tegenover dat ene woord, tot levensmotto verheven: TROUW!

Vanmiddag volledig verrast door mijn collega’s van de Groot-sites. Met ingang van morgen, 1 oktober 2024, ben ik dus officieel geen web redacteur meer van de GrootSneek-site. Het liefst had ik dat in stilzwijgen willen doen. Maar daar dachten Ying & Marianne en de collega’s net even anders over!

Lês en sjoch fierder by Henk van der VeerLês fierder

Obe Postma Selskip bringt dichter yn de tiid fan no

logo.ensafh

Literêre en kulturele Selskippen hawwe wat in âldfrinzich karakter en sa de tiid net mei. Foar it Obe Postma Selskip wie al twa kear de útfeart regele, mar mei oar bloed is der allegear nij libben. It wurk fan de dichter en wittenskipper Obe Postma past krekt hiel goed yn de moderne tiid, sa wol it Selskip bewize.

Om it wurk fan Obe Postma ek hjoeddedei yn it omtinken te bringen, is der sûnt 2006 it Obe Postma Selskip. It is te tankjen oan in oprisping fan Siebren van der Zwaag, doe’t Philippus Breuker yn it tsjerkje van Skraard in lêzing hâlden hie oer it lânskip fan Obe Postma.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Wat taal met minsen doët

logo.ensafh

De somer en ok de Ouwewievesomer fan 2024 is foargoëd foarbij. We sitte midden in ‘e herst en alle aktiviteiten dy’t bij ut najaar hoare komme op gang.
Foarege week woënsdach, in ‘e namiddach, mocht ik in Theater Sneek wear fertelle. Myn públyk? Ondernimmers fan ‘e Vereniging Ondernemend Sneek. Stuk foar stuk beflogen jonge ondernimmers in ‘e leeftyd fan pak’um beet 30 tòt en met 50-plussers.
De Sneker middenstaan is nòch immer de kurk wêr’t Sneek op driëft.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Gabrielle Terpstra: Fryske metalbands litte Snits skodzje op it KEIHURD Festival

logo.ensafh

‘Wy binne ek mar demoanen út de hel’, sei de sjonger fan de metalband Sadotank ôfrûne sneon yn it Bolwerk yn Snits by de twadde edysje fan it KEIHURD Festival. It festival jout Fryske bands út it hurde sjenre alle jierren de gelegenheid om harren muzyk hearre te litten. Net allinne metal, mar ek grindcore en Oi! binne dêr te hearren. It is moai dat der safolle romte is foar Fryske bands, want in protte fan harren acts dogge it goed.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Hoera!

logo.ensafh

Alwer hjerst, tocht ik okkerdeis al sintsjebaaiend. Mei it kwik heech en achter de sinnebril wei eage ik de tún oer en kaam op dy idioate gedachte. Tagelyk realisearde ik my dat ik tsjin dizze tiid, mar dan 25 jier lyn, op it idee kaam om my te weagjen oan in literêr bedoelde tekst. Wer ris wat oars nei alle lietsjes, sa dreech koe it skriuwen fan in ferhaal dochs net wêze? Gewoan in liettekst, mar dan wat langer. De tekst dy’t him foar my iepentearde, krige as titel ‘Job – in alter’. No’t ik derop weromsjoch kin ik it net litte om mysels út te gnizen: wát in pretinsjes, sa’n oanstellerige titel.… Lês fierder

‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie’

logo.ensafh

Philippus Breuker hat tsientallen boeken en noch folle mear artikels op syn namme te stean. Dêr die de âld-heechlearaar Frysk in soad ûndersyk foar, ûnder oare yn de argiven fan Tresoar. No’t er meikoarten 85 jier wurdt, is er syn eigen ûnbidich grutte argyf oan it oarderjen, om it stadichoan oer te dragen oan Tresoar.

Lês fierder by Marijke de Boer en Neeltje Holtkamp op FrisistykLês fierder