It Keninklik Frysk Genoatskip (KFG) bestiet yn 2027 200 jier. Om dat te fieren komt it mei in jubileumboek mei dêryn biografyen fan 200 Fryske froulju dy’t libbe hawwe tusken 1827 en 2027. De ôftraap wie tongersdei 19 desimber, oanslutend op in lunchlêzing troch Els Kloek yn Tresoar. Hja ynspirearre it KFG. De haadredaksje is yn hannen fan Tialda Hoogeveen. It stribjen is om it boek op 8 maart 2027, Ynternasjonale Frouljusdei, te presintearjen.
Yn it boek wurde biografyen opnommen fan 200 froulju dy’t tusken 1827 en 2027 in wichtich part fan harren libben yn Fryslân wenne hawwe of in dúdlike (famylje)bân mei Fryslân hiene.… Lês fierder