Blog Koos Tiemersma: Bernlef kin my wat!

logo.ensafh

Dat ik op dit stuit foaral ferhalen skriuw, ha ‘k al faker sein. It is in dissipline op himsels. Ynienen moat de plot fertichte wurde ta ien klap, by foarkar op in pear fjouwerkante sintimeter. Dat falt net ta foar ien dy’t wend is oan oerlibbingstochten fan kilometer op kilometer, want dat is it skriuwen fan in roman no ienkear. It doel is in nij boek, mar dat kin noch even duorje, want ik ha de hannen der fol oan.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Mengkameel

logo.ensafh

Wat hie ik der in nocht oan, ôfrûne sneon. Ien fan de bêste coverbands fan Led Zeppelin joech acte de presence op it Oerrockfestival yn Oerterp. It festival dat de lêste jierren al mar grutter en better wurden is. De frou en ik skarrelen earst hast oan it poadium ta om even te besjen hokker gitaren de sabeare Jimmy Page brûke soe. Om njoggen oere soenen de hearen los. Mar doe’t ik de earste brutaal hurde bastoan hearde en de drummer my mei ien skop tsjin de basdrum hast fan de sokken blaasde, binne wy mar gau in ein nei achteren flechte.… Lês fierder