De bestimming: it Peaskekongres, in seminar mei in ynternasjonaal selskip fan minderheden yn Europa. Dat wurdt alle jierren organisearre troch de YEN, de Youth of European Nationalities. De Fryske ôffeardiging wurdt troch it FYK mooglik makke, de jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt. Ik reizige op sneon ôf yn poerbêst selskip fan FYK’ers Nina Peckelsen en Ydwine Scarse. Fan Grins nei Pécs is it maklikst te dwaan mei it fleantúch fan Eindhoven nei Boedapest en dan mei de trein nei Pécs. Mei mekoar hast tolve oeren, want de trein, hoewol keurich op tiid en netsjes mei reservearre sitplakken, woe net hurder as 70km yn ’e oere.… Lês fierder