Ien fan de meast nijsgjirrige teksten yn de moderne Europeeske literatuer is it Brief des Lord Chandos fan Hugo von Hofmannstahl. Dêryn lit Chandos oan Francis Bacon witte dat er ophâldt mei syn literêre warberens. ‘Ik bin it fermogen kwytrekke om oer wat ek mar te oardieljen of dêr op koherinte wize wat oer te sizzen.’ De wurden rûgelje him op in stuit as ‘rotsjende poddestuollen’ ta de mûle út, oftewol: it fertrouwen yn taal is totaal foetsy. Dy skepsis, sis mar, de twivel oan de mooglikheden fan de taal is ta in hichte karakteristyk foar tal fan moderne dichters. It beslacht in ferskynsel dat ek oan ‘e oarder is yn it essay De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy.… Lês fierder