Okkerdeis wie it safier, der moast in oare auto komme. Op ien of oare manier skyt men dêr altyd wat tsjinoan. Oan de iene kant hat dat meastal in finansjele reden, oan de oare kant hat men der yn de rin fan de jierren doch in soarte fan bân mei opboud. It is de auto dy’t jin nei feesten bringt, nei optredens en diplomaútrikkings fan de bern, dy’t jin fan de bûtenweareld ôfskermet as men yn in ûnferwachte oanfal fan passy even op in parkearplak ferdwine moat. Mar it is ek de auto dy’t jin nei sikehuzen bringt, nei begraffenissen en kremaasjes.… Lês fierder