It gedicht ‘Ode’ út de bondel Serenade (1930) is tekenjend foar Slauerhoff syn dualistyske fyzje op dit bestean. It gedicht begjint as in lofsang op de leafde yn al syn streamende oerfloed. Lykwols, inkeld sinlik geniet jout net de iepening ta in lân fan gelok dat duorjend is. Yn de knier tusken it lok en it genot, twa saken dy’t by Slauerhoff net mei-inoar gearfalle, bliuwt it lyrysk subjekt úteinlik oars net as de leechte.
Lês fierder by Eeltsje Hettinga… Lês fierder