Blog Cornelis van der Wal: It ferskinen fan ‘Reedride op glêd iis’ fan Josse de Haan

logo.ensafh

It wie in moai jûn, mei treflik iten en drinken by de Vliegende Hollander yn Ljouwert. Josse de Haan hie syn literêre freonen útnoege nei oanlieding fan it ferskinen fan Reedride op glêd iis. Hjirûnder in stikmannich foto’s. Sawat alle Fryske skriuwers fan ymportânsje wiene der.

Lês en sjoch fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Blog Kitty Madison: Sliepende hûnen

logo.ensafh

De kezinen binne typysk 70-er jierren. Foar in part dûbel glês, en brún houtwurk binnen. Kondens nei in kâlde nacht: mei myn finger skriuw ik myn namme mei grutte letters op it rút. Nei likernôch 40 jier kin ik net inkeld troch it glês nei bûten sjen: it houtwurk is folslein ferotte. Op guon hoeken hawwe se besocht om der noch wat fan te meitsjen mei plamuer en floeiber hout, mar it hat gjin fertúten dien. Mei in skroevedraaier pripje ik der samar trochhinne.

Lês fierder by Kitty MadisonLês fierder

Blog Johan Veenstra: tekst uut et juryrappot Rink van der Veldepries

logo.ensafh

En dan wi’k jim ok nog even lezen laoten wat de jury van de Rink van der Veldepries van mien nommeneerde roman Een vrouw van ivoor vun. Hieronder de tekst uut et juryrappot.
Een vrouw van ivoor is in boek mei twa folslein ferskillende ferhaallinen. De iene line giet oer de skriuwer sels, dêr’t er de konfrontaasje mei himsels net út de wei giet en suver alles bleatleit. De twadde spilit yn Ivoarkust, dêr’t in opgroeiend famke folge wurdt dat nei Nederlân flechtsje moat.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Blog Henk van der Veer: It eigen paradys fan Auck Peanstra

logo.ensafh

Op 21 septimber 2007 hie ik in ynterview met Aukje Hoogland – Peenstra foar Algemien kultureel tiidskrift de Moanne. Fannemoarn lies ik yn sawol it Friesch Dagblad as yn de Leeuwarder Courant it berjocht fan har ferstjerren. It berjocht kaam mij oer it mâd, witst net dat Aukje slim siik wie.

As earbetoan oan har pleats ik no hjir it ynterview dat ik yn septimber 2007 mei har hie. Ek doe praten we oer dy freeslike rotkanker. It meunster dat werom kaam en no in ein oan har libben makke hat. Rêst yn frede Aukje.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder