Nei fjouwer ieuwen wetsteksten, psalmglossen, boeteregisters en oarkonden wiene wy healwei de sechtjinde ieu en wie de Fryske taal op papier sa goed as útstoarn…
Mar dan ynienen… om 1600 hinne binne der in stik as wat leafhawwers mei niget oan dy taal. Hja binne de earsten dy’t yn it Frysk teksten makken, gewoan omdat se dêr aardichheid oan hiene: as earsten dogge sy oan Fryske ‘literatuer’ as yntelliginte ferdivedaasje. It ferske dêr’t dit stik mei begjint, komt út de allerâldste ús bekende samling mei lietsjes yn it Frysk. Eric Hoekstra hat se werstavere en licht wertaald útjûn yn syn boek Midfrysk Goud.… Lês fierder