Siem en Sanne wenje nêst inoar. Sanne wennet dêr noch net sa lang, mar se binne al bêste freonen. En as der op in moaie dei yn febrewaris in dik pak snie leit, dan is it net sa lestich te betinken wat se ris dwaan sille: slydzje fansels! Siem lûkt Sanne nei in moai dykje yn ’e buert en de poes giet ek mei. Se hawwe dikke wille! Dan sjocht Sanne wat nuvers. Dreamt se no? Sjocht se dêr Sinteklaas op syn boat? Mar Sinteklaas is dochs allang wer yn Spanje?
Lês fierder by Tjitske van Dijk… Lês fierder