Kollum Willem Schoorstra: “What’s in a name?”

logo.ensafh

“What’s in a name? That which we call a rose by any other name would smell as sweet…
Seit Juliet tsjin Romeo yn Shakespeare syn bekende stik. It giet derom dat Romeo lid is fan in rivalisearjende famylje. Romeo en Juliet kinne dus, om it sa te sizzen, net tegearre wêze fanwegen harren nammen. As Romeo oars hjitte soe, lid fan in oare famylje wêze soe, mei oare wurden, soene se trouwe kinne. Dêrom seit Juliet: What’s in a name? Rûkt in roas minder lekker ast dy in oare namme joust? Juliet beweart dat in namme net belangryk is.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Henk van der Veer: ut ferdwinen fan ut UITfestival in Liwwarden

logo.ensafh

Un groat gedeelte fan de òrganisasy fan ut UITfestival kwam út de pòt fan de Culture Hoofdstad 2018 ( = Stichting Kulturele Haadstêd 2018 ). “En die steekt het ( geld) liever in reclame buitendijks”, skriëft Walthaus. “Een stad die niet eens een uitfestval voor elkaar krijgt, zelfs in afgeslankte versie, is geen culturele hoofdstad maar een provincieplaatsje”, is Walthaus syn konklúzy.
Nee, ik sal der gyn grappen over make Asing, al setst um nòch su moai foar. Ik begryp dy wel, mar ik bin gyn kòpskòpper.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Joël Huitema: De útspraken fan Arrema

logo.ensafh

Fan Catullus, in Romeinske dichter út de earste ieu f.Kr., hawwe we hjoed allinnich syn Carmina oer. Yn dat boek skriuwt Catullus yn gedicht 84 oer Arrius en syn oerfloedige h-klanken. Mooglik wie dy Arrius ien dy’t doedestiids op eigen krêft sprekker wurden wie.[1] It gedicht hat myn ynteresse lutsen om’t de dichter hiel bewust mei taal omgiet, mei taalferskaat en aksinten. Ynfloeden út oare talen komme by ferskillende talen foar en dêryn sitte punten fan oerienkomst. Sadwaande haw ik de foarfallen by Catullus omsette wollen nei in situaasje foar in Fries. Sa’t Arrius foar status him in Gryksk aksint oanwent, sa lit ik – taspitst op hjoed de dei – Arrema in Ingelske tongslach brûke.… Lês fierder

Pake Sytse

logo.ensafh

Vroeg ik me ineens af wanneer Catweazle in Nederland werd uitgezonden op televisie. Omdat Rink van der Velde zich in de roman Pake Sytse van een zelfde truc bediende als waarop die kinderserie was gebaseerd.
Man uit vroegere tijd ziet zich plots in een veranderd en nogal druk heden geplaatst. Dat gegeven alleen al biedt tal van kansen om commentaar te leveren op de zeden in de moderne tijd.

Lês fierder by BoeklogLês fierder

Blog Martsje de Jong: De baas yn ‘e hûs

logo.ensafh

Justerjûn in tige nijsgjirrige jûn hân by de Kristlike Fryske Krite ‘Karel Roarda’ yn Bitgum. Yn ‘Ons Huis’ om krekt te wêzen. By sutelders wol bekend. Feitlik stiet dat gebou yn Bitgummerútbuorren, mar dêr wol ik it net oer ha. Sy hoege dêr op ’t lêst ek net alles. De skriuwer Willem Schoorstra wie dêr, dat soks lit ik my net ûntkomme.

Lês fierder by Martsje de JongLês fierder

Blog Eeltsje Hettinga: Durk docht Dútslân, of de reis nei Sint Juttemis

logo.ensafh

Hoe fergiet it Durk van der Ploeg yn it bûtenlân, de skriuwer dy’t yn 2011 de Gysbert Japicxpriis krige? Deputearre Jannewietske de Vries joech him op Boalserter stedhûs tsientûzen euro op ’t hantsje. De helte fan dat bedrach wie ornearre, sa hie it kolleezje fan DS besletten, foar in oersetting fan in titel út it oeuvre fan de bekroande skriuwer. ‘In oersetting is in moai middel,’ sei de deputearre, ‘om lêzers yn oare parten as Fryslân yn de kunde komme te litten mei ús Gysbert Japicxpriis-winner.’

Yn oerlis mei Van der Ploeg waard foar in Dútske oersetting fan Reis nei de Kalkman keazen.… Lês fierder