Der binne dagen dat je tiid en harsenssellen tekoart komme om as ienfâldich kollumnist alles by te hâlden. De iene nei de oare kwestje tsjinnet him oan, it iene noch prangjender as it oare. Lykas it gefal fan Jitse Akse, dy’t mei de Koerden tsjin de IS fjochtet. Wat is dêr net allegear oer te sizzen? Of, ek al is it fan in hiele oare oarder, it gefal fan Hessel Wiegman fan Skylge. Wiegman stiet al 45 jier noed foar seehûnen dy’t siik of ferwûne oanspiele op it strân. Neffens syn frou hat er yn de rin fan dy 45 jier sa’n 4000 bisten nei Pieterburen tabrocht.… Lês fierder