Blog Koos Tiemersma: Unanym

logo.ensafh

Ik woe dat ik sa’n moai sjueryrapport hie, fersuchte in eardere winner fan de Gysbert Japicxpriis doe’t er dat fan my oanheard hie yn de Boalserter tsjerke mei syn fenomenale akûstyk. Ik moast earlik tajaan dat ik der mei alle echo’s om my hinne net folle fan meikrigen hie, mar doe’t ik it neilies koe ik net oars as tajaan dat it rapport der wakker op like.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Petear Hedwig Terpstra mei Johan Veenstra

logo.ensafh

Op woansdei 17 febrewaris wurdt de Rink van der Veldepriis 2016 útrikt yn it gemeentehûs yn Drachten. De gemeente Smellingerlân en Friese Pers Boekerij namen yn 2003 it inisjatyf foar dizze bysûndere literêre priis. De priis wurdt sûnt 2004 ien kear yn de twa jier takend oan in boek yn ien fan de sjenres dy’t Rink van der Velde ek beoefene. Dêrneist moat it oarspronklik proaza yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen wêze. De winner kriget 1250 euro en in byld fan keunstner Anne Woudwyk. De kommende wiken stelle de fiif nominearren foar de Rink van der Veldepriis har foar yn Breeduit.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De sipels fan God

logo.ensafh

In dei mei twa gesichten. Ik begjin mar mei de minste kant fan it ferhaal. It hat bliken dien dat der juster in frommis foar de telefyzje west hat dat ynienen it jaar sawat yn de kamera treaf. Dat kin fansels gjin kant út. It is krekt sa ûnfatsoenlik noch net as dat Doutzen Frysk tsjin har bern praat (wat sil sa’n jonkje dêr yn de frede mei yn New York, it is mear as begrutlik) mar wy moatte dit perfoarst net ha. Seker net yn in tiid dat bern hielendal net mear witte kinne wat jaren binne no’t de kij net mear bûten komme.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: “Brune skuon? Not done!”

logo.ensafh

“Ha jim Nieuwsuur ôfrûne snein ek sjoen? Prachtich programma, dêr’t de fine fleur fan de bankiers fan Nederlân efkes sjen liet yn hokker wrâld se libje. Joris Luyendijk skreau it alris op yn syn boek ‘Dit kan niet waar zijn’, mar it is altyd wer moai om befêstiging te krijen fan in byld dat jo fan ditsoarte minsken ha.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: It Skriuwersboun, de doarpsgek fan Fryslân

logo.ensafh

Krige in orizjineel briefke fan de ponghâldster mei it fersyk om it ledejild foar 2016 oer te meitsjen. Ik hie it noch net lêzen of der folge in mail fan ,,it bestjoer” om dochs foaral GJIN jild oer te meitsjen: ,,It soe wêze kinne dat jo fan ‘e jûn (20 jannewaris) in e-mail fan Friduwih Riemersma krigen hawwe. Yn de mail fan Friduwih liket it as soe it Skriuwersboun jo om jo kontrybúsjejild foar 2016 freegje. Dit is net it gefal!

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder