Brief oan Douwe Kalma

logo.ensafh

Mei dizze brief út de simmer fan 1915 begûn de korrespondinsje tusken Marten Baersma (1890-1918) en Douwe Kalma (1896-1953), dy’t oant de dea fan Baersma duorje soe. Mei dizze brief stjoerde Baersma it ferhaal ‘Soldaetemymeringen’ mei, dat troch Kalma ferbettere is en lykas de brief te finen is yn de kolleksje fan Tresoar. It ferhaal is nea publisearre, mei om’t Kalma dat sterk ôfrette. Marten Baersma is de skûlnamme fan Meint Hylkes Bottema, dy’t syn wiere namme yn in brief oan Kalma fan 2 septimber 1915 iepenbieret.

Lês fierder by it Y-Skrift fan Skanomodu… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: “Donderjen yn Keulen”

logo.ensafh

“Hearden jim it foarige wike ek donderjen yn Keulen? It wie hast net te missen, tinkt my. Mar net allinne dêr dondere it. Dat die it ek yn Hamburg en Frankfurt, yn it Sweedske Kalmar, it Eastenrykse Salzburg, it Finske Helsinki en it Switserske Zürich. Yn al dy plakken waarden froulju massaal oantaast, en, yn guon gefallen, ferkrachte. Se waarden berôve, oer de grûn smiten, yn it gesicht skopt of letterlik besprongen.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Eelke Lok: FNP

logo.ensafh

Ik wurd lid fan de FNP. Dan gean ik nei in ledegearkomste. Yn Duhoux yn Wurdum is dat altyd. Nei fiif menuten stek ik de hân op. Voorzitter, punt van orde. Ik zou graag willen dat iedereen hier het Nederlands spreekt, want ik kan uw taaltje echt niet volgen. Ik bin sá ferskriklik benijd wat foarsitter Ultsje Hosper dan dwaan sil. Mar hy komt net iens oan it wurd, want dan ha de Frysk Nasjonale Feiligensmannen my al op strjitte kwakt. En fiif sekonden dêrnei leit Ultsje njonken my. Dat is syn eigen skuld. At jo foarsitter fan in polityke partij binne en jo helje dan ynienen ien fan de wêzentlike elementen fan sa’n partij derút, watte, IT wêzentlike elemint, ja dan lizze jo samar yn de Wurdumer Buorren njonken in opruier op strjitte.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Rex op it Piet Ademareedsje

logo.ensafh

Feestboek is altyd it lêste dat ik tsjek yn it ynformaasjerûntsje. Der stiet meast net folle nijs op, ôfsjoen fan alle siden dy’t troch jan en alleman liked wurde mei’t jo dêr prizen mei winne kinne. Nuvergenôch sjoch ik nea in priiswinner foarbykommen. Foar it oare is it in publyk fotoboek en wurd ik deasabele mei reklame foar dingen dêr’t ik op oare siden ris om socht ha. Sa sit ik no noch altyd oanklaud mei lju dy’t my in dekûpearseage ta ha wolle. Dy ha ik lykwols al lang, koste € 17,50.

Lês fierder by DaamLês fierder