Straight white author’s career finally takes off after he tells woke publishers he’s gender queer Nigerian

logo.ensafh

A poet said his career skyrocketed within the liberal literary scene by taking on minority personas to promote his work to publishers.

Aaron Barry, 29, of Vancouver, experienced the most success when he posed as writers with identities far from his own, even if the poems were blatantly ’trash.’

His reasoning behind the scheme was simple – to prove the poetry world is more concerned with writers’ identities than the quality of their work.

Lês fierder by DailymailLês fierder

Kollum Gabrielle Terpstra: Lyts gelok

logo.ensafh

Ferline wykein hawwe Axl en ik in rûntsje fytst mei ús hûn Spock. Heal augustus sille wy op fakânsje mei de fyts, en de hûn hat noch mar in pear kear yn de hûnekarre efter de fyts sitten. Dat heech tiid om noch ris te oefenjen.
Gelokkich wie it begjin fan de rit wer aardich goed: troch de koekjes sprong se sûnder al te folle protest wer sels yn de karre.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Mei skriuwers op en út yn Wales (3)

logo.ensafh

LLANYSTUMDWY – De Fryske dichter Syds Wiersma waard selektearre foar it LLIF-skriuwersprojekt, organisearre troch Literature Wales. Fan 17 oant 31 maaie ll. siet er mei fiif Welshke skriuwers, sân skriuwers út Switserlân, Spanje, Dútslân, Estlân, Letlân, Slovenië, Hongarije en ien fan de Faeröer Eilannen yn it Tŷ Newydd Writing Centre yn it Welshke doarpke Llanystumdwy. Hjirûnder docht Wiersma ferslach fan syn ferbliuw yn Wales. It is it tredde diel fan in koarte rige (op de foto hjirboppe it útsjoch fan Ty Newidd op see).

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Santich jier letter: Pyt Kramer op ‘e fyts (II)

logo.ensafh

In netwurk om it Sealterlân hinne

Der wie yn 1955 amper in skriuwtradysje yn it Sealterlân en hielendal gjin ûnderwiis yn it Sealtersk. De Sealters koene wol wat help fan har bruorren yn it noarden en westen brûke.

Om dy reden fierde Pyt Kramer yn 1956 in korrespondinsje mei Goasse Groustra (Tresoar, 1956a-c). Groustra wie ommers in sintrale figuer yn it ynterfryske fermidden. Hy koe de plakken en de minsken fan Noardfryslân út ‘e pinne, omdat er dêr alle jierren mei syn bus hinne reizge. Pyt Kramer beseach Groustra blykber as in ferbinende skeakel tusken it Sealterlân en “Midfryslân” (Westerlauwersk Fryslân), want “jo ha mei de Grutfryske reizen ek wol it Sealterlân oandien”, skriuwt Kramer yn april 1956.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Dêr leit de dichter fan it Fryske lân

logo.ensafh

t slagge my net om dizze sneon in lift te krijen nei Koarnwert, in doarpke oan de Waadseekust dat yn it wykein ôfsluten is fan in fêste busline. In blik op de kaart lykwols lit sjen dat ik maklik fan de bushalte Kop Afsluitdijk nei myn bestimming kuierje kin. Sa stean ik no yn in see fan sinneljocht middenmank in tizeboel fan diken en fytspaden. Panyktinzen sjitte my troch de holle. Kom ik noch op tiid as ik earst de ferkearde kant op rin? Moat ik werklik yn Koarnwert wêze, en net yn Koarnjum? Sûnder mobile tillefoan, dy hiene se yn de tiid fan Obe Postma ek net, besykje ik my te oriïntearjen.… Lês fierder