Sneon reizgen de frou en ik nei Grins. It wetter stoarte út de loft, we hiene it net oan tiid om langer te wachtsjen. Kuieren nei it stasjon en sieten drippend en mei kletspoaten yn de kûpee. Efkes like it op te klearjen, mar de trein helle de bui yn, al foar Bûtenpost. We soene nei Grins om ús Iwan op te heljen, dy wie útfanhûs. Miskien noch nei it museum, as we net te benaud waarden fan de hege roltreppen.
Sa’n dei. Yn Grins spielde it noch. We wachten oant it oer gie, yn de hege hal op it stasjon.… Lês fierder