It hat in moai doaske, dit losblêdige freondinneboekje. It doaske is fan bûten beklaaid mei reade side en goudkleurige byskes en fan binnen mei ljochtblau papier. De earste eigneresse hat der lykwols mar sân bydragen yn garre. Binne der bledsjes weirekke? Wierskynlik net; mei alle net-brûkte (mar wol oarspronklike) bledsjes derby is it doaske dochs hielendal fol.
Lês en sjoch fierder by Konsenylje… Lês fierder