“It hat sa wêze moatten. Ik bin oeral yn rûgele. Yn it amateurtoaniel, de amateur-kabaretwrâld, de banketbakkerij en letter ek yn it fak as teäterdirekteur. Ik haw it altyd nei ’t sin hân. Ik bin in mazzelkont”, seit Roel Oostra.
Yn augustus hopet de Drachtster 103 jier âld te wurden. “As se seinen, wolsto der foar tekenje datsto 150 wurdtst, dan soe ik net tekenje. Ik wol it wol wurde, mar dan moat ik bliuwe sa’t ik no bin. Mar as ik mei 103 jier sels net mear wit dát ik der bin, hoech ik der ek net mear te wêzen.”… Lês fierder