Spoken word is bot yn opkomst yn Fryslân. Dat waard ek dúdlik by de noardlike foarronde fan de Spoken Awards: dielnimmers út it hiele Noarden reizgen ôf nei Ljouwert om op te treden.
Spoken word is in keunstfoarm dy’t tusken poëzy en rap yn sit. Spoken-word-keunstner Marrit Jellema sjocht it as har missy om dizze keunstfoarm better op de kaart te setten yn Fryslân. Sels wûn se yn 2019 in lanlike spoken-word-award yn de kategory lyrics.
Jellema organisearre yn april de earste spoken-word-jûn yn Ljouwert mei help fan Explore the North en Ljouwert City of Literature.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder