De sânde dei fan de blochwike falt dochs noch moai op in snein. It is net sa dat ik it mei sin útsteld ha. Ik wie gewoan net fit. No’t ik fan ‘e moarn op wyldplukkuier west ha, fiel ik my al better. Dêr ha ik leard dat ik it robertskrûd dat by ús wyldgroeit, hiel goed brûke kin. It fiert swiere metalen ôf út it lichem en is ek goed nei chemo en bestraling. No ferwachtsje ik dat ik fan it lêste nei fjirtjin jier net in soad mear fernim, mar it kin gjin kwea om it robertskrûd ris yn in tinktuer te brûken.… Lês fierder