Fryslân? Wanneer hefst’ dijsels op?
Geef dij werom an ’t water, foordat de see ôns halen komt.
En Fryslân, echt, soademiter op met dyn mienskip,
Ik foel my niet goed, fal mij niet lastig.
Tongersdeitejûn droech Gerard Marcel de Jong in daverjend fers foar, mei de titel Fryslân. Hy die dat yn De Gouden Leeuw, de geast fan in brún kafee dat tydlik Tresoar wer in bytsje âlderwetske Bûterhoeke makket. In stikje stêd, dêr’t neffens Piter Terpstra yn syn Fjouwer minsken yn in stêd ‘ferkearde huzen’ stiene. Dat wie neffens de oerlevering de earste Frysktalige roman dy’t him net yn it boerefermidden of op it plattelân ôfspile.… Lês fierder