Op it kongres ‘Frisian Humanities’ wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Hein Jaap Hilarides hold doe in lêzing oer de tematyk dêr’t syn stik yn ‘Utljochte’ oer giet.
Nei de fal fan Napoleon feroare der yn Europa ek in soad op it mêd fan de taal- en letterkunde. Yn de earste helte fan de 19e iuw kaam de literatuer yn it ljocht te stean fan de ‘nije’ nasjonale identiteiten. Presys yn dy tiid skreaunen de bruorren Halbertsma harren earste wurk. Foar de Fryske literatuer wienen de âldste broer Joast en de jongste Eeltsje it wichtichst. Joast wie taalkundige, skriuwer en predikant, en Eeltsje dokter, dichter en skriuwer.… Lês fierder