Ferline wike woansdei binne twa gedichten yn twa ferskillende kranten ferskynd.
It fers ‘waalske fuery’ yn de Dokkumer Krante is skreaun nei oanlieding fan de Waalske Fuery dy’t yn septimber 1572 plakhân hat yn Dokkum. De Geuzen hienen in koarte oerwinning makke yn ‘e stêd, mar in pear dagen letter kamen Waalske hierlingen út namme fan ‘e Spaanske kening en hawwe slim húsmanne yn de stêd. Op 9 septimber 2022 is dat betocht mei in sympoasium en de ûntbleating fan in plakkette oer dat histoaryske barren.
Lês fierder by Geart Tigchelaar… Lês fierder