Juster wie de dei om foar’t ik frij hie. Twa kolleezjes jûn yn it Ingelsk oan klassen der’t achterôf allinnich Nederlânske en Fryske studinten yn sieten. Ik bin eins tsjin op de ûnnedige feringelsking fan de stúdzjes. Hielendal as de learaar it Ingelsk net goed machtich is, want dan wurdt minder en minder effektyf kennis oerdroegen as dat se wolle soenen. No wie de reguliere dosint Ingelsktalich, dy wie bliid dat se it folgje koe. Ik freegje tongersdei earst oan de klassen oan hokker fiertaal oft se de foarkar jouwe. Faaks kin it wol yn it Frysk!
Lês fierder by Sigrid Kingma… Lês fierder