After a year of sloth, I’ve rediscovered the joy of immersing myself in a book

logo.ensafh

It took my six-year-olds to shame me out of my pandemic rut, and now I’m back in love with the printed word

Since the beginning of the pandemic, a low-key but persistent source of irritation has been how impossible it is to focus. “I can’t do anything,” is a line I’ve exchanged with friends countless times, by which we mean anything more energetic than scrolling. For the past 12 months, at the end of most days, the scene has been exactly the same; I’m out cold on the sofa, dazed from hours of binge-watching, as a prelude to dragging myself to bed.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Boer ôf

logo.ensafh

Lêstendeis hie ik in petear mei twa minsken. Dat komt faker foar, mar dit wie wol bysûnder te neamen. De lêste kear dat ik mei se praten hie, wie yn de simmer fan 1987. En dan ek noch oan de oare kant fan de Atlantyske oseaan. No hoegde ik der mar fyftjin kilometer om te riden.

Ik wie doe in jonge fan in jier as njoggentjin, no in fyftiger dy’t normaal sprutsen mei de twadde helte dwaande is. Se koenen myn gesicht net mear, wol hienen se in âlde foto opskarrele fan ús besite yn dy Kanadeeske simmer, mar dêr stie ik net op.… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Blautoskûle

logo.ensafh

Guon saken dy’t wy tsjintwurdich hiel gewoan fine, binne yn samar in oar perspektyf net sa normaal. Want wat is eins gewoan en wat noch normaal?

Lêstendeis tikke der sûnder ophâlden wat op it rút fan ús sliepkeamer, mar derút woe ik noch net. Utsliepe is miskien te folle sein, mar yn dizze tryste dagen fan desimber mei ik o sa graach in healoerke langer lizzen bliuwe. It tikjen lykwols waard fûler en fûler, hystearysker sels, dat ik moast der wol út. Doe’t ik de lamellen iependraaide seach ik dat gjinien oars as ûle Elske ferantwurdlik wie foar de ierbetide oerlêst.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Moedfearren

logo.ensafh

Ut en troch hingje se, dy moedfearren fan my. Doe’t ik miende dat ik it nije jier ynstappe soe sûnder de help fan de fysio om’t ik nei alle operaasjes, renovaasjes en frustraasjes safier wie dat dat koe. It koe net. It kin net. Want: corona.

Sûnt corona yn it lân is gean ik noch nei twa adreskes: myn masseur om de lea wat soepel te hâlden en de fysio dy’t my yn ‘e sportskoalle helpt om myn kondysje op peil te krijen, en, ek hiel belangryk, de balâns wer te finen. Want dy wie, doe’t de triedsjes fan de lêste knibbel trochsnien wiene hielendal fuort.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Bedraigde soort

logo.ensafh

Albatrossen binne trouwe, monogame feugels, maar de leste jaren skaide se faker. Ik most ok even in de ogen wrive, maar ’t is echt soa. Normaal gong soa’n 1 prosint fan de paren útnander, foornaamlik at ’t niet lukt om nageslacht te krijen. Maar ’t persintazy is bij sommige populasys de ôflopene 15 jaar oplopen tot 8 prosint.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder