Ik lês in stikje yn ’e Ljouwerter dêr’t de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2021 yn oan it wurd komt. Wat seit de foarsitter? Oer de yllegale bekroaning fan tritich op in webside en yn kranten publisearre gedichten: ,,Wy fine dat gjin probleem.”
De prizeferoardering fan de Provinsje Fryslân, fêststeld yn 2015, seit it oars. ‘Gysbert Japicxprijs: tweejaarlijkse prijs voor alle literatuurgenres in het Fries, zowel voor één werk als voor het gehele werk van een auteur (..).’
Wy sjogge, mei permisje, dus wol in probleem. Tritich losse, ferspraat publisearre gedichten binne net ‘één werk’. Dat se allegear ‘yn funksje’ troch in ‘Dichter fan Fryslân’ skreaun binne, makket se net ta ‘één werk’.… Lês fierder