t is wer berneboekewiketiid. Fansels hie ik graach op sjou gien by skoallen lâns om foar te lêzen en te fertellen. It leafst út It Ferbeane Boek om’t dat in echt boek is om yn in boekewike te lêzen. Of yn fakânsjes, of… No ja, wannear net? It is spannend, it is fantastysk, grappich en wolst trochlêze oant it út is. Mar nei skoallen ta gean sit der noch net yn, myn enerzjy sit yn trenen, kuierjen, fytsen (as it net te hurd waait) en skriuwen. Want ja, der komt wer in boek oan, mar net yn it Frysk. Dat stiet letter yn ‘e plenning.… Lês fierder