Kollum Aant Mulder: Mei koroana nei de ein

logo.ensafh

As ik it nijs goed begryp, sil ik wat de koroanamaatregels oanbelanget wer omstean leare moatte. De koroana makke dat we ús oan in ferskaat oan maatregels hâlde moasten. De wichtichste koene we alle kearen weroan op it buordsje dêr’t de ferantwurdlike ministers efter stiene, as piktogrammen, lêze: hanwaskje, oardel meter ôfstân hâlde, teste. Dêr kaam as lêste fentilaasje by. Mar der wie mear: yn de earmtakke hoastje, net fûstkje en al hielendal net tútsje, ruten en doarren iepen, mûlekapkes brûke en fansels by klachten thúsbliuwe. It feit dat net op alle plakken en op alle tiden deselde maatregels jilden, makke it aardich yngewikkeld.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Boppe har teewetter

logo.ensafh

Tee is hiel ferkeard guod, kaam ik okkerdeis efter …

Ik kaam dy jûns om in oere as twa thús. Myn sydsulver hie by myn ôfwêzigens ta de tee sitten en wie poerrazend.
My mankearde neat, want ik hie yn ‘e herberch in stikmannich sliepmûtskes hân — dat ik wie sa kalm as in pûn moal.
Hja net! Moartsje en oangean as in wyld, sil ik dy fertelle. It like my de baas en gean mar op bêd.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Crown of Sonnets: Poetic Forms

logo.ensafh

Poetic Form Fridays are made to share various poetic forms. This week, we look at the crown of sonnets, a form that brings together seven sonnets in a special way.

OK, there are poetic challenges, and then, there are POETIC CHALLENGES! For instance, writing a six-line poem is one thing, but writing a sestina (39-line poem with six alternating end words) is another thing. This week’s poetic form is a POETIC CHALLENGE!

The crown of sonnets (also known as a corona or coronet) is a sonnet sequence. Here are the guidelines:

Lês fierder by Writer’s DigestLês fierder

Cornelis van der Wal: Subsydzjes Fryske auteurs Letterenfonds (bywurke foar 2020)

logo.ensafh

Subsydzjes Fryske auteurs Letterenfonds (bywurke foar 2020)

Hjirûnder in list fan de bedragen dy’t Fryske auteurs de ôfrûne jierren fan it Letterenfonds ûntfongen hawwe. Dizze sifers binne iepenbier, te finen by de Jierferslaggen fan it Fûns. Dêr haw ik de gegevens fan oernaam, dêrom is de tekst yn it Hollânsk.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Kollum Joana Duarte: Hâld fan Frysk

logo.ensafh

De ôfrûne wiken wie ik wer mei myn studinten fan de RUG en NHL Stenden Hegeskoalle oan ‘e slach, op lokaasje! In dochs wat nuver, mar tagelyk ek moai gefoel, om wer sa tichtby de studinten wêze te kinnen, letterlik en figuerlik.

Alhoewol’t in soad minsken faaks tinke dat it Frysk mar in marzjinale rol yn dizze twa ûnderwiisorganisaasjes spilet, fiere ús studinten in soad opdrachten út dy’t te krijen hawwe mei de Fryske taal. Net allinne Frysktalige studinten dogge dat, al ús studinten. Se leare net allegearre Frysk te praten, mar se dogge der wol in soad ûndersyk nei. Dizze wike jou ik graach wat omtinken oan sa’n ûndersyk, fan ien fan ús studinten fan de research master, Sarah.… Lês fierder