Nei in odyssee fan faksinaasjes en PCR-tests, bin ik thús op fakânsje, yn Portugal. Wylst ik dit stikje skriuw binne ús heit en mem dwaande mei de tariedings foar de lunsj.
Dêrby is der gjin sprake fan bôle. Ik sjoch sardinen, tomaten en koriander, grilde paprikasalade en ja, ek in flesse kâlde wite wyn út de regio Setúbal. Bôle makket fan de trochsneed Portugeeske lunsjkultuer in marzjinaal ûnderdiel út. Doe’t ik yn Dútslân wenne, gie ik in nije relaasje mei bôle oan. Minsken ite dêr oerdeis ek faak bôle, mar benammen jûns, it saneamde Abendbrot. Yn Fryslân gie myn relaasje mei bôle noch in stapke fierder.… Lês fierder