Wy meie yn ús lân net diskriminearje, dat stiet no ienkear yn de grûnwet. It hat al bliken dien dat it kabinet en in moai grut part fan de opposysje it net nedich fynt har oan dy grûnwet te hâlden oft dat har better útkomt mar dat is ûnderwilens in passearre stasjon en breed akseptearre.
Bliuwt stean dat wy noch hieltyd net diskriminearje meie. Net op grûn fan de hierlingte, net op grûn fan de brûkte kleur neillak en net op klaaiïnge, sis mar de dingen dy’t mei in timmermanseach waar te nimmen binne. Mar ek net op grûn fan seksuele aard.… Lês fierder