Alle tûzen tips fan top-auteurs ha ik lêzen. In lange list fan wurden dy’t ik perfoarst net brûke moat leit links fan it toetseboerd en twaentweintich fan de bêste boeken oer it skriuwen lizze foar de rjochter hân op myn tafeltsje nêst pake syn steande jiskebak. Likegoed tel ik hjoed foar de safolleste kear sa’n fjirtich miggen dy’t njonken de krúsnotsjebeam boppe it putdeksel op en del yn it sintsje dûnsje.
Lês fierder by Lomme Schokker… Lês fierder