Blog Abe de Vries: ‘Nederlands Letterenfonds besteget suver gjin sint oan Fryske literatuer’

logo.ensafh

In aardige eksersysje: tel de bedragen op dy’t it Nederlands Letterenfonds yn 2018 (ja, it jier fan….) útjûn hat fia al syn subsydzjeregelingen (minus dy foar tydskriften) om de literatuer yn Nederlân foarút te helpen. Dat smyt in bedrach op fan 4.866.923 euro, dus hast fiif miljoen euro.

Hoefolle is dêrfan bestege foar it realisearjen fan Frysktalige projekten, tinke jimme? 20 persint? 10 persint?

Wolnee: sa. 60.000 euro, dat komt del op 1,23 persint.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Poëzij Anne Heegstra oer Ravensbrück: Stil

logo.ensafh

In gedicht fan Anne Heegstra oer konsintraasjekamp Ravensbrück, dat se in pear jier lyn besocht. It frouljus- en bernekamp leit boppe Berlyn oan in idyllysk marke, mei oan de oare kant it stedsje Fürstenberg/Havel. Tusken 1939 en 1945 waarden yn Ravensbrück de finzenen, ek út Fryslân, ynset as twangarbeider foar it meitsjen fan SS-unifoarms en foar de Siemens fabriken.

Lês fierder by RIXThttps://rixt.frl/2019/05/04/stil/Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Arbeitseinsatz: Op hûs oan

logo.ensafh

Nei in razzia op 17 novimber 1944 yn de NOP (dêr’t ús heit timmerman wie yn de nijbou fan pleatsen-LS) op transport nei Dútslân. We komme terjochte yn Elbergen, fuort by Lingen. Fiif moanne lang Tankfallen grave en dêrnei yn de omkriten wat omswervingen fanwegen bombardeminten. Ein maart krije wy te hearren dat wy nei Leer ôfsette moatte en nei hûs, seinen se. Dat giet net troch. We moasten earst noch nei Hezel – in tsien km fan Leer – beamstammen sjouwe. Dat duorre 10 dagen, mar doe wie it dochs safier. Om in oere of 7 jûns krigen wy ús papieren werom en brocht in Dútser ús oer de Eemsbrêge.… Lês fierder

Blog Henk van der Veer: Sneker sòrch in Ensafh

logo.ensafh

Fandaach kreech ik ut Frys literêr tydskrift Ensafh tweede nummer elfde jaargang in hannen. In dizze oulevering twee fersen fan mij, wêronder ut fers Sneker sòrch. Ut is eigenlek un oade an Greetje Slippens-Poiesz, dy we oulopen maandach naar har laatste rustplak brochte. Moaier moment fan públikasy kan ik mij dêrom ok nyt indenke.

Lês en sjoch fierder by Henk van der VeerLês fierder