Fan ’e wike hearde ik ferheard op. Ik wie ûnderweis om Fryske les te jaan. Doe’t ik der hast wie, rûn ik trije minsken foarby dy’t drok mei-inoar yn petear wiene. Om’t it al wat skimerich waard, seach ik net rjocht dúdlik wa’t it wiene. De man dy’t it wurd hie koe ik oan ’e stim werom. Dat wie de man fan it gebou dêr’t ik dy jûns Fryske les hie. Ik groete en tagelyk hearde ik dat se it oer my hiene. Bêst genôch, mar ik waard suver mar wat kjel doe’t ik hearde dat de man sei dat ik daliks wol by him ta de doar yn strune soe.… Lês fierder