Whitman and Weed

logo.ensafh

The craze for cannabis stocks is an obvious byproduct of the imminent legalization of marijuana in many of the states that would join Colorado, California, and all of Canada in this regard. I am not sure which stocks merit a buy recommendation. Such predictions are always hazardous when you deal with investment bubbles, be they centered on tulips, dot-com stocks, or Bitcoin.

What I can share are some little-known facts about the appeal that cannabis has historically held for American poets, starting with the daddy of them all, Walt Whitman.

Lês fierder by The Best American PoetryLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Rjocht troch see

logo.ensafh

Ik ha no al in wike lang fan alles oer de ferkiezings lêze kinnen en ik moat earlik sizze dat ik der net folle fan begryp. De partij fan de saneamde ekstreemrjochtse rasist, fassist en frou-ûnfreonlike Thierry Baudet hat nochal goede saken dien nei de lêste ferkiezings. Ik bin eins nea sa dwaande mei de polityk, mar hie him hjir en dêr al in pear kear foarby kommen sjoen. Doe’t er yn Drachten wie, ha ik dêr west, mar it wie sa drok, ik koe de seal net mear yn.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Tapraak Geart Tigchelaar: Heldestatus

logo.ensafh

Heldeferearing is al sa âld as de wei nei Rome. Earder waarden der troch de skalden en barden ferskes songen oer keningen en dappere striders dy’t eigenhandich in fijanlik leger yn ’e panne hakten. Sindelingen, dochs in soarte fan helden fan it kristendom, krigen harren eigen hilligelibbens. Hjoed-de-dei binne it de popstjerren en sporters dy’t suver in heldestatus hawwe, mei miljoenen folgers en noch mear likes op ’e sosjale media. Guon krije sels in plein nei harren neamd, of sels in hiel stadion mei fuortdaliks in byld derby. Of wat te tinken fan de ferfilming fan it libben fan Freddie Mercurie, ‘Bohemian Rhapsody’, dy’t resintlik fjouwer Oscars wûn hat.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Boykot It hoantsje op ‘e toer & Fûgels

logo.ensafh

Wy skriuwe in wike nei it grutte trelit. It measte stof sil no wol sawat delkommen wêze mar hjir en dêr is noch in ferkiezingstwirre waar te nimmen en dan stoot de brot wer op. Guon tsjutte beskate groepen oan as dwazen, mar sa mâl moatte wy fansels net, wy binne in beskaafd folk. Mei hoflik taalgebrûk ek. Dat moat fansels al leare mar ús premier jout it goede foarbyld want dy hat it no oer ‘totaal onacceptabel’ wylst er in pear dagen earder syn eigen gedrach it stimpel ‘fuck’ noch meijoech. It moat in flotte learder wêze.

Lês fierder by DaamLês fierder

Fryske tradysjes: terjochte foer foar diskusje?

logo.ensafh

Tradysjes en it yn stân hâlden derfan binne hast altyd wol foer foar diskusje. Sa ek ôfrûne wike, doe’t de rjochtsaak tsjin it Kallemooifeest op Skiermûntseach tsjinne. Mar binne der mear tradysjes dy’t bisteleafhawwers tsjin de boarst stjitte? En binne dit soarte tradysjes noch wol fan dizze tiid? Goffe Jensma, heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, fertelt oer Fryske tradysjes.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Jan Schokker: Rompslompdowen

logo.ensafh

In hurde of in sêfte Brexit, de Ingelsken witte wier net wêr’t en hoe’t se harren waarm nêst bouwe moatte. It binne krekt dowen. No’t it heve sil, is der in soad ûnmacht en kâlde drokte fan koeren en fladderjen. Yn harren sjike grize fearrepakjes lykje dowen grutske fûgels, mar net folle letter sitte se as ferdwaasd midden op de dyk en kinst yn ’e remmen. Wolris sjoen hoe’t houtdowen nêsten meitsje? Se litte wat takjes yn de beam falle as gewoan op in plat dak, produsearje dan in pear aaien en sette har dêrnei ûnferskillich ta brieden. It neiteam is lykwols lyts, want de aaien rôlje der samar út of it hiele spultsje falt mei yn bytsje wyn út de beammen.… Lês fierder