Jimme ha grif wolris dat grapke oer boeren heard. Der binne twa soarten: minne en strieminne. Dêr moast ik oan tinke, doe’t ik mei dizze kollum teset gie. Net dat it ferhaal oer boeren giet, mar om’t ik betocht dat der ek twa soarten Friezen binne. Dêr hâldt de ferliking ek daliks wer op, want ik wol net ta op minne en strieminne, mar op betelle en net-betelle Friezen. Ik bedoel mei betelle Friezen de minsken dy’t op grûn fan har berop mei ’t Frysk te krijen ha en mei net betelle Friezen dejingen dy’t gewoan Frysk binne en dêrom foar de taal krewearje.… Lês fierder