Teleks: Gedicht ‘Skip fûgel lân’ fan Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Boppe de Waadeilannen rint ien fan de drokste skipsfeartrûtes fan Europa. Begjin jannewaris gie it mis doe’t it Panameeske frachtskip MSC Zoe 345 konteners mei gefaarlike stoffen en plestik rotsoai ferlear. In ekologyske ramp. Mei de gas- en sâltwinning de safolste oanslach op it Waadgebiet dat sûnt 2009 ‘Unesco Werelderfgoed’ is.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Aant Mulder: Fryslân boppe!

logo.ensafh

Fryslân boppe! It is dus dochs sa, Fryslân is it bêste lân fan d’ ierde. We wenje hjir mei nocht en wille. Dat dat sa is, ha ’k eins altyd wol witten. It is likegoed hiel aardich om dat yn in ûndersyk befêstige te sjen. Sa’n ûndersyk is der no. Ik doel op it ûndersyk fan I&O Research dat foar NOS en regionale omroppen ûndersyk dien hat nei regio- en provinsjegefoel fan de Nederlanners. Dat ûndersyk ha sa’n 25 tûzen minsken oan meidien. De útslaggen ha ferline wike aardich wat omtinken yn de parse krige. Nuver, dat ik likegoed yn ús eigen media om dy ynformaasje sykje moatst.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Grutsk? Ik skamje my dea!

logo.ensafh

By de audysjes waard in moai soad bagger oer ús útstoart. Ien fan de hypes liket te wêzen dat it wêzen fan homo, lesbienne of transgender hjoed-de-dei as talint beskôge wurdt. Ik soe sizze: ophâlde mei dy flauwekul, in minske is wat it is, dêr komt nul talint by om ‘e hoeke. Fierder wiene der noch wol aardich wat folwoeksenen dy’t harsels op ien as d’oare wize straal foar gek setten. Dat moatte se suver sels mar witte.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Henk van der Veer: Brieven fan Fryske fersetsstrider Willem Santema nei Tresoar

logo.ensafh

Tresoar krijt foar it earst brieven fan fersetsstrider Willem Santema yn besit. De yn Skearnegoutum berne Santema siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Raad van Verzet. Yn dy perioade wenne Santema yn Snits. De ein fan de oarloch helle hy net, want op 10 augustus 1944 waard er fusillearre yn Vught.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder