Understeande brief, ’tankwurd’ doe’t Jelle Kaspersma un Rely Jorritsmapriis krige. Pieter de Groot hat it der hjoed ek oer yn de LC.
Lês fierder by Henk van der Veer… Lês fierder
Understeande brief, ’tankwurd’ doe’t Jelle Kaspersma un Rely Jorritsmapriis krige. Pieter de Groot hat it der hjoed ek oer yn de LC.
Lês fierder by Henk van der Veer… Lês fierder
Tusken de memorabele frouljusfigueren yn de literatuer yn Nederlân soe ek maklik de Fryske Haitskemoai fan Waling Dykstra stean kinne. As foarbyld fan emansipaasje ferskynt yn de Fryske literatuer al yn it midden fan de njoggentjinde ieu, tweintich jier foar it begjin fan de Earste Feministyske Weach, in maatskiplik ûnôfhinklike en sels tinkende en hanneljende frouljusfiguer op it toaniel. Dat is Haitskemoai, Haitske Klaversma sa’t se folút hjit.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder
Yn 2006 hat de doetiidske útjouwerij Venus myn novelle ‘Youmir, soan fan in túnslang’ útbrocht. It boekje is al jierren net mear te krijen. Mei tastimming fan Josse de Haan fan it eardere Venus haw ik de tekst no as pdf op myn website set. Ik kin wêze dat it net de alderlêste ferzje is en dat er justjes fan ‘e printe ferzje ôfwykt, dat kin ik net mear neigean.
Lês fierder by Henk Wolf… Lês fierder
Sûnt ús hûn Timmy der net mear is, miste ik in grutte lobbes, mar ik doarde it eins ek net mear oan troch wat we mei him belibbe ha.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
ik sjoch him net en hear him net. op flústerfuotten dwaalt er yn my om foar my út de trep op. boppe rôlet hy swier myn holle as in granaatapel oer de badkûperâne en oer de fliertegels, om sa myn pitsjes fan it ferstân los te weakjen. ik sykje it wêzen fan dyn bestean, seit er, ik leavje dy en ik fret dy op. Wat oerbliuwt is inkeld de essinsje fan dyn libben. Mear as sykheljen hast mei de tiid net nedich.
Lês fierder by Lomme Schokker… Lês fierder
” Doch it ” seine se
tekenje it, seine se, lit it der allegearre út.
dus ik die it en ik tekene wat ik fielde.
mar se seagen it net.
Lês fierder by Nadie Hania… Lês fierder
It berjocht oer it ferstjerren fan de dichter Jelle Kaspersma, fan’e middei op de site fan Omrop Fryslân, kaam mij raar oer it mâd. Ik reageare yn earste ynstânsje amper, treau it berjocht blykber fansiden. No jûn merk ik dat syn ferstjerren mij mear docht as ik miskyn wol witte wol.
Lês fierder by Hank van der Veer… Lês fierder