Berichten uit een Turkse cel

logo.ensafh

Wat moet ik me voorstellen bij het dagelijks leven van de inmiddels zeker honderdvijftig schrijvers en journalisten in een Turkse cel?

Die vraag dringt zich al een tijdje aan me op – oud-correspondent in Turkije en bestuurslid van PEN – nu er elke dag nieuwe mensen worden gearresteerd en nieuwe vonnissen worden uitgesproken. Waar denken ze in gevangenschap aan, wat houdt hun uit de slaap? Zijn ze in staat om te blijven schrijven? Kortom: hoe ziet het bestaan van deze voorvechters van het vrije woord er uit: zonder toegang tot internet, met slechts een beperkt aantal boeken en een handjevol familieleden en vrienden die hun een half uur per week vanachter glas mogen bezoeken?… Lês fierder

Blog Jaap Slager: De Reade Baron stiet yn it boekje

logo.ensafh

It is algemien bekend dat manlju mei de lytste bêdbuksen yn de grutste auto´s omride. Mar doe´t ik lêsten yn ´e rige stie foar dy grutte nije Mercedes, waard ik by de tomme heind fan myn bankier. Net dat dy witte soe hoe´t my it klok- en hammerspul der by hinget, sa net, mar hy wit duvekers goed hoe´t my de flagge der finansjeel by hinget. Dat hy krige my by de bouten en sette my as einichste yn in wittelange rige.
Mar och, op sa´n âld rykrak fyts komt men ek ta jins doel, wier. Ik wie al sa bliid as in bern dat er my net yn de rige sette fan autopet.Lês fierder

Henk Wolf: Wurdlist bywurke

logo.ensafh

Ik ha myn Nederlânsk-Fryske wurdlist bywurke. Dêr steane no 2446 Nederlânske wurden yn mei faak wat minder gebrûklike Fryske oersettingen dy’t ik yn ‘e rin fan withoefolle jier yn boeken en wurdlisten tsjinkaam bin. It is gjin wurdlist foar begjinnende Fryskskriuwers, mar in helpmiddel foar sokken dy’t it ris wat oars sizze wolle as sljochtweihinne.

Lês fierder by Henk WolfLês fierder

Kollum Aant Mulder: Wêr is ús Fryske Greta Thunsberg?

logo.ensafh

Wêr is ús Fryske Greta Thunsberg? Dy fraach ûnderstelt dat jimme witte wa’t Greta Thunsberg is. Op woansdei 6 febrewaris stie der yn ’e Ljouwerter Krante in stik oer har. De sechstjinjierrige Sweedske Greta Thunsberg staakt al sûnt de simmerfakânsje foar it klimaat. Sy wol dat Sweden oan de klimaatdoelen fan Parys foldocht. Wat dat oanbelanget is se in foarbyld foar al dy skoalbern, learlingen en studinten dy’t tongersdei 7 febrewaris yn ús lân foar in better klimaatakkoart staakt ha en dêr noch wol faker foar stake wolle. Ik hâld it op Greta Thunsberg, mar ik soe my likegoed ôffreegje kinne wêr’t ús Fryske Stijn Warmenhoven is.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De titen út de blûze

logo.ensafh

Jierren lyn ha ik ris in kollum op útnûging fan de FNP skreaun. Foar en oer de partij. Dy kollum hjitte: De parabel fan it moaiste famke fan de klasse. It gie deroer dat ik fan myn alderearste politike bewustwêzen ôf opflamme nei it moaiste famke fan de klasse: de FNP. Hoe fereale at ik wie op har eigensinnigens en gleon ynderlik fjoer. En hoe’t dat gefoel stadichoan ferdwûn.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder