Blog Sigrid Kingma: Foar it bern

logo.ensafh

Soe der wolris ien tinke: wannear komt der wer ris in blog? Tiden hawwe tiden. Sa skriuwe je alle dagen, en sa skriuwe je in healjier net. Ik ha der net ien wer oer heard. Sûnt De Wuttelhaven del is der in soad bard. Dat wie in prachtich projekt, ien fan de meast learsume projekten dy’t ik dien ha. Wy hienen it earst wol oer in ferfolch, mar dat sil ik yn alle gefallen net útfiere. Mocht der ferlet fan wêze, dan kin ien him/har útleve, hjir is it Draaiboek De Wuttelhaven del en hjir it Literêre kuier De Wuttelhaven del skript.… Lês fierder

Blog Nadie Hania: Bargerollade

logo.ensafh

De plysje is dyn bêste freon. Sil best sa wêze, mar wêrom fiel ik dat dan net? Njonken my op’e lofter rydstripe fan de A7 rydt in plysjeauto mei twa bromsnorren deryn. In âldsje en in jonkie. Se helje my net yn, mar bliuwe yn itselde tempo neist my riden. Moai foar harren. It jonkie, de byrider meneuvelet nei my en wiist op’e gordel. Yn de hoop dat se noch gewoan trochride, twing ik mysels foaral gjin each kontakt te meitsjen.

Lês fierder by Nadie HaniaLês fierder

Blog Lomme Schokker: Bleate Bertus

logo.ensafh

Op it krúspunt Lisse yn moat ik der om hinne ride en dêrom kin ik net om him hinne: it stânbyld dat yn de folksmûle Blote Bertus hjit. It is in brûnzen byld fan in bleate man dy’t him oprjochtet mei de earmen yn in ôfwarrende hâlding boppe de holle. ‘Met steun van de almachtige, 1940-1945’ stiet der skreaun. It byld moat ûnder mear symboal stean foar it nije Nederlân nei de ellinde fan de besettingsjierren. Alle kearen as wy de pakesizzers nei hûs ta bringe, lês ik Bertus syn ynskripsje en freegje ik my ôf wat ik hjir fan tinke moat.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Kwakkelwinter sûnder Piet?

logo.ensafh

Kwakkelwinter sûnder Piet? Lit my by it begjin begjinne. It wie op in moarn betiid dat ik bliid wie dat ik yn de auto siet en net op ’e fyts. It wie kâld, net fyntsjes kâld sa’t it yn ’e winter heart, mar earder wetterkâld. De gefoelstemperatuer wie yn alle gefallen aardich ûnder nul. Hawar de kachel oan en ride mar. Ik hie allinne ien probleem, ik moast noch tanke. Dêr wie ’k net rjocht op klaaid. Yn ’e auto koe it wol wat lije, mar bûtendoar net. Dat fernaam ik daliks wol. Dus avesearje, tanke en betelje. Dat die ik.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De Sade en de Paus

logo.ensafh

‘De hel op bibelpapier’. Dat sei de Frânske pers yn 1990, doe’t it wurk fan Markys De Sade opnommen waard yn de Bibliothèque de la Pléiade, tusken dat fan oare grutte Frânske skriuwers. Elkenien moat op in bepaald momint yn syn of har libben wat fan De Sade lêzen ha. Hat ien ea ris sein. Ik wit net oft ik it dêr mei iens bin.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder