Ferslach De Elemintêre Deelen yn Gersleat 13 oktober

logo.ensafh

De earste fan twa poëtyske middeis, organisearre troch it Frysk dichterskollektyf RIXT, yn gearwurking mei Stifting It Tripgemaal.

Fan healwei twaen ôf rûnen de minsken ûnder in reinbôge it Tripgemaal yn. Poëtysker koe hast net. It waar slute perfekt oan by it tema fan dizze middei: ‘De Elemintêre Deelen’, in tema dat alle dichters op ferskate wize ynterpretearre hiene. Diskear wienen Syds Wiersma, Lara Kool, Christa Niklewicz, Anne Heegstra, Job Degenaar en Tanja van Abbema oan bar.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder

Skelte Siweris Braaksma: Reizger troch de Fryske tiid

logo.ensafh

De skiednis is in grutte ynspiraasjeboarne foar striptekener Skelte Siweris Braaksma. Hy makket sûnt syn 14e al graphic novels oer de skiednis fan Fryslân.
Sa beskriuwt er yn ‘Redbad’ it libben fan kening Redbad en yn ‘It blauwe hûs’ sjogge wy it doarp Blauhús troch de iuwen hinne.
‘Redbad’ is noch gjin fjouwer moannen út, mar Braaksma is al al lang wer dwaande mei in nij projekt.

Lês fierder en sjoch de doku ‘Skeltes Stripland’:fan Fryslân DOK op Omrop FryslânLês fierder

By de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe

logo.ensafh

Tongersdeitejûn 10 oktober fûn yn Tresoar yn Ljouwert de presintaasje plak fan de nije Fryske roman fan Marga Claus. By dy gelegenheid mocht ik wat sizze oer it wurk fan dizze Fryske skriuwster en fansels oer har nije boek. Hjirûnder stiet myn ferhaal by dy gelegenheid.

Foar’t ik wat oer Libbe sizze sil, de nije roman fan Marga Claus dy’t fan ’e jûn presintearre wurdt, wol ik it efkes ha oer earder wurk fan har. Yn 2000 ferskynde de earste roman, Oxzana, ferhaal fan ín flechtling. De Oekraynske Oxzana trout mei de Afgaanske Ghalil en giet nei in pear jier mei man en bern nei Afganistan.… Lês fierder

Leaver ljouwer

logo.ensafh

It lêste nûmer fan it blêd Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik is hielendal oan it Aldfrysk wijd. Yn dy bondel stiet in stik fan Stephen Laker oer de labiale wriuwer (of: rûzer) yn it Aldfrysk, oars sein: oer de fonologyske skiednis fan it ding dat mei it letterteken <w> útdrukt wurdt yn bliuwe, driuwe en skriuwe. (Noat: de tekens <> wurde brûkt om skreaune letters oan te tsjutten, de tekens [] binne fonetyske symboalen.)

Lês fierder by Bouke Slofstra op FrisistykLês fierder

Nedersaksisch topnieuws: spectaculaire vondst ridderroman en veel meer

logo.ensafh

Het Nedersaksisch symposium van 4 oktober jongstleden in Deventer zindert nog na. Dat kan ook niet anders. Het bood een dag vol boeiende lezingen, het vijfjarig bestaan van het symposium en van het Jaorboek Nedersaksisch werd gevierd, en dat alles werd ‘bekroond’ met de bekendmaking van een pas ontdekt tekstdeel uit een middeleeuwse in het Nedersaksisch gestelde ridderroman. Dat fragment komt uit een vertaling van het Hoogduitse origineel Willehalm von Orlens, zo werd uitgelegd door ontdekker dr. Hedzer Uulders uit Oosterbeek. Hij vond het in het archief van Collectie Overijssel in Zwolle en denkt dat de vertaling ontstond in de eerste helft van de 14de eeuw.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Je suis omke Jehan

logo.ensafh

Dat wy troch ús pake Keimpe Piters Dykstra, bakkerssoan út Froubuurt, oan Waling-om besibbe binne, haw ik alris ferteld, wol my oan.

Us oerpake Piter is net âld wurden. Hy seach in buorfamke troch it iis sakjen en is hol oer bol efter de gleone ûne wei de bakkerij út barsten. It famke hat it libben der ôfswitten, mar ús oerpake net. Hy kaam net droech oer de feart, om samar te sizzen; hy koe mei de Fearman mei nei de ûnderwrâld.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder