Ik bak in cake. Mei gember, apel, citroenskyl en spekulaaskrûden. It rûkt al hjerstich yn ’e hûs. Dy nim ik jûn mei yn in stoffen taske dêr’t in gedicht op stiet. Yn dat taske sitte dichtbondels. Dy rûke dan nei cake. Gabriëlle nimt tamme (nuete?) kastanjes foar my mei. Faaks kin ik der wol ien plantsje sadat ik sels in beam krij.
Alles is mooglik, want jûn is it Dichterskafee. De Gouden Leeuw yn Tresoar is om 19:00 oere iepen foar alle literêre útspattingen. Elk is wolkom. Kom del foar in praatsje, nim dyn bondels mei om te ruiljen, te dielen, te bepraten, dyn nijste pinnefruchten om te redigearjen.… Lês fierder