‘Hee, Henk!” Yn de winkel rint in man efter my oan en tikket my op it skouder. As ik my omdraai, liket er teloarsteld en wat yn ’e tiis. “Do bist Henk net,” seit er, “mar do likest krekt op him.” Om dy tiid hinne wurd ik faker foar Henk oansjoen; dy wennet blykber ek yn Ljouwert. Haw ik dy man wolris sjoen? Wurdt ‘Henk’ ek wolris foar my oansjoen? Dat ien him taropt yn it foarbygean: “Moai gedicht, mar ik snap der neat fan!” Of dat se him freegje oft er dêr fan bestean kin, de poëzy? Earme Henk, dy man doart miskien amper mear de doar út.… Lês fierder