Marc van Oostendorp: ‘Feiten’ over streektalen

logo.ensafh

Een fraai voorbeeld van hoe je de wetenschap voor je eigen politieke karretje kunt spannen, wordt in het nieuwe nummer van Onze Taal geleverd door dr. Harrie Scholtmeijer van de IJsselacademie. Dat is een organisatie die betaald wordt door de provincie Overijssel om activiteiten in de lokale streektaal te ondersteunen. Dat is natuurlijk prachtig werk, er kan wat mij betreft bij wijze van spreken niet genoeg geld naar de IJsselacademie worden gebracht.

Maar op dezelfde manier zouden wat mij betreft ook de Zeeuwse en de Brabantse dialecten gesteund moeten worden. En het Westfries, en de Veluwse dialecten. Of het Jiddisch of het Turks.… Lês fierder

Deputearre Poepjes nimt ôfskied: “Tiid foar in nij resept”

logo.ensafh

Nei tolve jier nimt Sietske Poepjes hjoed ôfskied as deputearre. De Makkumse (43) sjocht mei tefredenheid werom op har lange perioade as bestjoerder en sil it misse. “Mar it is wol better sa.”
Poepjes studearre Rjochten yn Grins. Nei in baan by de gemeente Lemsterlân waard se yn 2007 keazen yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar it CDA. Yn septimber 2011 folge se Sjoerd Galema op as deputearre.
Yn har takepakket sieten doe ûnder oare ynfrastruktuer en miljeu. Yn de periode 2015-2019 hold se ynfrastruktuer yn har portefúlje en dêr kamen ûnder oare taal en kultuer by. De ôfrûne fjouwer jier hold se har dwaande mei noch hieltyd taal en kultuer, mar ek mei ûnderwiis, klimaat en enerzjy.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Tebek nei de ein

logo.ensafh

Ik fûn it altyd wol wat spesjaals hawwen, dat ús ginneraasje (mei guon hjirfoar) de boel sadanich nei de ratsmodee holpen hawwe dat wy de ein fan ‘e wrâld meimeitsje meie. Sa hat men jins pakesizzerkes neitiid nochris wat te fertellen, no? Is ‘t net sa? Mar dan moat it sa stadichoan al ris wêze, oars hoecht it om mij net mear.

Ik bin op it heden oan it avensearjen mei de oersetting fan in boek oer Jehova’s tsjûgen.
Blinder, dy hawwe it goed foar inoar. Want hja kinne it skielk wol neifertelle, de ein fan ‘e wrâld, alle acht miljoen.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Hooftpijn

logo.ensafh

‘Naar gelang het Noorden’ is út, mei op de foarkant twa âlde jassen. Neffens my hie in te grutte broek better west, en wel hierom.

It hjirboppe neamde boekje is in epistel mei oanrikkemedaasjes foar de P.C. Hooft-prijs fan 2024. Ut namme fan It Skriuwersbûn. In fraaie bondel/blomlêzing/brosjuere mei wurk fan tsien Fryske dichters waard op 3 july oanbean oan Sietske Poepjes, yn it Provinsjehûs noch wol: as je wat dogge, doch it dan yn styl. ‘Naar gelang het Noorden’, jawohl.

Even in koarte foarskiednis. De PC Hooft-prijs is in oeuvrepriis yn it Nederlânse taalgebiet, jierliks út te rikken foar essays, proaza of poëzy.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XLI

logo.ensafh

Hoe’t ansichtkaarten brûkt binne, is minstens sa nijsgjirrich as wat der op stiet. Ansichten dêr’t de ôfstjoerder mear op skreaun hat as inkeld in adressearring en syn of har namme, binne my it leafst – foaral as it boadskip skreaun is yn it Frysk. Likegoed sitte der tusken de tûzenen Fryske ansichten-mei-in-ferhaaltsje yn myn samling mar in pear dozyn dêr’t de ôfstjoerder Frysk op brûkt. Ornaris is dy ôfstjoerder dan boppedat in erkende frisist of frisiast. It ‘gewoane’ folk skriuwt as regel gjin Frysk, sels net op ansichten oan famylje of freonen. Hoe kin it ek oars as jin altyd yndruid wurdt dat it Hollânsk de noarm foar skriftlik taalgebrûk is en jo nea lêzen en skriuwen leard hawwe yn jo memmetaal?… Lês fierder